Caparis skrast meardere miljeu-ûnfreonlike skjinmakmiddels

22 aug 2018 - 15:04

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hâldt op mei it brûken fan 160 skjinmakmiddels dy't belêstend binne foar it miljeu. Yn in soad gefallen giet it om skjinmakmiddels dêr't op it etiket stiet dat se 'gefaarlik' binne. Utsûnderlik is dat net, want by in soad minsken thús steane sokke middels ek yn de kast.

Foto: ANP

Yn earste is besjoen oft dy middels ek wol echt nedich binne. Wêr nedich binne sy ferfongen troch in miljeufreonlik alternatyf. Sa'n 80 meiwurkers fan Caparis dogge skjinmakwurk by bedriuwen of ynstellingen. Under oare it stadion fan Sportklup Hearrenfean wurdt troch Caparis skjinhâlden. Direkteur Alex Bonnema fan Caparis sjocht it ferfangen fan de miljeubelêstende skjinmakmiddels as in begjin. Hy wol no besjen oft ek de technyske tsjinsten binnen Caparis oerstappe kinne op miljeufreonlike middels.

Acht Fryske gemeenten binne dielnimmer yn de sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Dat binne Achtkarspelen, Hearrenfean, Ljouwert, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân,Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Caparis skjinmakmiddels
(advertinsje)
(advertinsje)