Bier en files op A6 nei botsing tusken auto's en buske

22 aug 2018 - 14:07

Troch in ûngelok tusken twa auto's en in buske kaam de A6 by Skarsterbrêge woansdeitemiddei fol mei fleskes bier te lizzen. De lading bier siet yn it buske dat by it ûngelok belutsen wie. Der ûntstie in ravaazje. Neist de brutsen bierfleskes lei der ek in ôfbrutsen tsjil fan ien fan de auto's op de sneldyk rjochting De Jouwer.

Foto: CAMJO Media

Foar safier bekend rekke net ien ferwûne. Troch it ûngelok ûntstiene yn beide rjochtingen files. De A6 rjochting De Jouwer wie tydlik ticht om de ravaazje opromje te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)