Provinsje past belied foar faunaskea oan

22 aug 2018 - 12:57

De provinsje hat har belied foar fergoedingen foar faunaskea oanpast. It eigen risiko foar skea dy't troch bisten feroarsake wurdt, wurdt ferhege fan fiif prosint nei tweintich prosint. Der sil gjin eigen risiko jilde as it giet om spesifike guozzegebieten, dêr't de fûgels foerazjearje.

Foto: Henk Bootsma

Fierder is der yn de nije regels bepaald dat de totale skea (bûten de guozzegebieten) mei fiif oant tsien prosint werombrocht wurde moat. It giet dan bygelyks om fûgels dy't fruit opite. As dit net helle wurdt, dan sil it eigen risiko fierder omheech brocht wurde.

Foar't boeren yn oanmerking komme foar in fergoeding foar faunaskea, moatte se wol maatregelen troffen hawwe om de skea foar te kommen of te beheinen. Ek sil der gjin skeafergoeding betelle wurde as it gewaaks net mear fan it lân ôfhelle wurde sil.

Sjoch foar it folsleine belied, en ek alle útsûnderingen op de site fan BIJ12.

Trefwurden: 
fauna guozzen skea lânbou
(advertinsje)