Ireen Wüst kampioene 1500 m

© TVM
Ireen Wüst is by it Nederlânsk Kampioenskip ôfstannen foar de fjirde kear kampioen wurden op de 1500 meter. Sy die dat yn in tiid fan 1.57.77. Marrit Leenstra waard koart efter Wüst twadde yn 1.57.91. De brûnzen plak wie foar Diane Valkenburg. Sy kaam oer de streek yn 1.59.31. Njonken de gouden plak wûn Wüst dit wykein ek al twa brûnzen medaljes.