Langsweagemer oppakt mei mes

© Omrop Fryslân
Op de Bûtenwei by Nijhoarne is sneon in ynwenner (30) fan Langsweagen oanhâlden foar bedriging mei in mes. Hy hie flybke op it autorút fan in man fan (47) út Nij Beets. Doe't dy him hjir op oanspruts luts de man in mes en naaide út. De ynwenner fan Nij Beets sette de achterfolging yn en belle de plysje. Dy koe mei oanwizings fan de Nijbeetster de man oanhâlde. Tsjin de 30-jierrige ynwenner fan Langsweagen is proses-ferbaal opmakke.