Club Q krijt nije eigner

© Omrop Fryslân
Diskoteek Club Q yn Quatrebras by Noardburgum wurdt op 1 jannewaris ferkocht. Hjoeddeistich eigner Piet de Poel hat de saak oerdien oan Beintema Events. Dan wurdt de namme ek oanpast nei club Quatrebras.
Beintema wol trochgean mei de temafeesten en optredens fan bekinde artiesten yn de diskoteek. It personiel wurdt oernommen troch de nije eigner. De diskoteek lûkt elts wykein in pear tûzen jongeren.