Nij kolleezje wol mear wearden

06 nov 2011 - 09:09
It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân

It nije kolleezje fan Dantumadiel wol noarmen en wearden mear oandacht jaan. Ek sil der goed sjoen wurde nei it wolwêzensbelied yn de gemeente. Dy ôfspraken ha de trije nije koalysjepartijen CDA, ChristenUnie en PvdA makke. De rest wurdt oernommen út it âlde kolleezje-akkoard dat sletten waard mei Dantumadiel '82.

It kolleezje wie fallen nei it opstappen fan dy partij. Ronald Dijksterhuis út Broeksterwâld is as wethâlder foardroegen troch de CU.

(advertinsje)
(advertinsje)