Ljouwert 26ste stêd fan 't lân

06 nov 2011 - 08:34

Nei de weryndieling mei Boarnsterhim is Ljouwert de 26ste stêd fan Nederlân, as je sjogge nei it oantal ynwenners. Dat hat it buro statistyk en ûndersyk fan de gemeente besifere. No is Ljouwert noch de 30ste gemeente. Ljouwert krijt der goed 10.000 ynwenners by, fan bygelyks Grou, Wergea en Jirnsum. Ljouwert giet yn de list mei grutste gemeenten foarby Delft, Deventer, Westland en Venlo. Skielk hat Ljouwert 105.678 ynwenners.

Trefwurden: 
Ljouwert ynwennertal
(advertinsje)