Gjin papier mear by gemeente

06 nov 2011 - 08:39

Skarsterlân wol oergean op it papierleas fergaderjen. Alle riedsleden en harren stipefraksjes soene derfoar in tablet-kompjûter krije moatte. Trochdat de riedsleden sa de stikken digitaal riedplachtsje kinne, is it net langer needsaaklik om alles út te printsjen. Dermei soe 25.000 euro besparre wurde kinne.

De gemeente wol 60 tabletkompjûters oankeapje en dy moatte al fan 1 jannewaris 2012 ôf brûkt wurde. De ried moat der noch wol mei ynstimme.

(advertinsje)