Opsterlân skrast yn regels

06 nov 2011 - 08:44

Opsterlân skaft de spesjale belesting ôf dy't minsken betelje moasten as har hûs foar it earst oansletten waard op it rioel.

Neffens b. en w. fan Opsterlân binne alle riolearingsprojekten klear, en alle belestingen binne betelle. De gemeente mocht de heffing net langer as trije jier nei de oanlis fan in nij rioel oplizze. Dêrom hat de spesjale belesting dêrom no gjin doel mear. De gemeente wol graach de oerstallige regelingen opskjinje.

(advertinsje)