Hearrenfean wint fan Roda JC

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Kerkrade mei 2-1 wûn fan Roda JC. Dêrtroch klimt de ploech op nei in dield fyfde plak, mei Ajax, hoewolt de Amsterdammers in wedstriid minder spile hawwe. Yn de 43ste minút makke Assaidi 1-0. Nei rêst makke Djuricic de 2-0. Dochs kaam Roda fia Vukovic werom en gong op jacht nei de lykmakker. Yn de einfaze krige Viktor Elm in earmtakke yn it gesicht fan Pluim. De skea foel lykwols ta.