Stroetinga wint yn Eindhoven

06 nov 2011 - 07:28

De fjirde wedstriid om de Maraton Cup is sneontejûn yn Eindhoven wûn troch Arjan Stroetinga út Waskemar. Yn de sprint liet hy Ingmar Berga en Karlo Timmerman efter him. Troch it NK ôfstannen dit wykein yn Thialf ferskynde de BAM-ploech sneon yn in lytse formaasje op it iis. Njonken Stroetinga wie allinnich Christijn Groeneveld oanwêzich. Snein sille Bergsma, De Jong, De Vries en Hut fan de BAM-ploech noch de 10 kilometer ride, op it NK.

(advertinsje)
(advertinsje)