Aris wint rom fan Grins

06 nov 2011 - 07:37

De basketballers fan de Ljouwerter klup Lasaulec Aris hawwe sneontejûn wûn fan Grins. Yn de seal fan it Kealledykje waard it 86 - 72. Aris iepene fuortendalik skerp en by rêst stiene de Ljouwerters dan ek al in flink ein foar. Yn it tredde kwart waard it noch wol efkes spannend. Doe kaam Grins werom oant 48-46, mar de Ljouwerters hâlden de lieding. Uteinlik kaam dus de 86-72 op it skoareboerd.

Trefwurden: 
Aris basketbal Grins
(advertinsje)