Ynwenners Súdwest-Fryslân fine Frysk wichtiger as tocht

22 aug 2018 - 11:34

Wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân wist wol dat har ynwenners it Frysk belangryk fine. Allinnich al de grutte respons op in enkête oer it Frysk, 1200 ynwenners diene mei, lit sjen dat it ûnderwerp libbet. "Dêr moatte wy wat mei", sa fynt de wethâlder

Foto: Omrop Fryslân

In soad ynwenners fine dat it Frysk bestean bliuwe moat. Mar de taal moat yn alle gefallen net ferplicht oplein wurde. Ynwenners fine it wichtich dat bern it Frysk op skoalle leare, mar dat moat wol op in 'leuke' manier. De gemeente moat it Frysk en it Nederlânsk neist elkoar brûke.

Jongeren

Wethâlder Stella van Gent wol foaral ynsette op jongeren. Streekrjocht ynfloed op it taalbelied fan pjutteboartersplakken hat sy net, mar stimulearje en ferliede om mear oan it Frysk te dwaan kin se wol, sa seit sy. Ek yn petearen mei basisskoallen wol Van Gent it belang fan de Fryske taal nei foaren bringe.

Wethâlder Stella van Gent oer it Frysk

Fryske les

Van Gent komt fan oarsprong fan Utert, mar wol sels it goede foarbyld jaan. Sy begjint yn septimber mei in ferfolchkursus Frysk praten. It ynterview oer de enkête foar de radio die sy woansdei al foar de helte yn it Frysk, al fynt sy dat bêst dreech. Wethâlder Erik Faber sil fan 't hjerst ek in kursus Frysk praten folgje. Van Gent: "It Frysk is in prachtige en unike taal dy't mear omtinken fertsjinnet. It is in taal om grutsk op te wêzen." Alle jierren geane der al tsientallen amtners op Fryske les.

Plaknammen

Súdwest-Fryslân hat al Frysktalige plaknammen. Der binne gemeenten dêr't de Fryske nammen boppe-oan set binne, mar dat hoecht om Van Gent net yn Súdwest-Fryslân. Sy tinkt dat de wearde dêrfan mar beheind is foar it behâld fan de Fryske taal. Ek it oantal Frysktalige stikken fan de gemeenteried hoecht om har net ferhege te wurden.

(advertinsje)