Pien Keulstra wint 3000 meter

© AWfoto.nl
Pien Keulstra út Boekelo wûn sneon ferrassend de 3000 meter by it NK ôfstannen yn Thialf. Se wûn yn in persoanlik rekôr fan 4.09.75. Snein wurdt de reedrydster fan Jong Oranje 18 jier. Op it twadde plak einige Diane Valkenburg út Rotterdam. Ireen Wüst fan It Hearrenfean waard tredde yn in tiid fan 4.10.58.
Marrit Leenstra, ferline jier noch twadde, kaam no net fierder as it njoggende plak. Yn de lêste trije rûntsjes wie de gong der by har út.