Drankrider Ljouwert freget second opinion oan nei blaastest

22 aug 2018 - 10:47

In 55-jierrige drankrider út Ljouwert is woansdeitemoarn betiid oanhâlden. De man waard op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert oan de kant set en moast mei foar in blaasproef yn it plysjeburo. Derút die al gau bliken dat hy mei te folle drank op achter it stjoer siet.

De man fertroude de útkomsten net en frege in tsjinûndersyk oan. Der is dêrnei in bloedproef ôfnaam. De útkomsten derfan binne noch net bekend. De kosten foar de second opinion binne foar de Ljouwerter.

(advertinsje)