SC Hearrenfean en stewards sitte wer op ien line, duel tsjin Feyenoord kin trochgean

22 aug 2018 - 10:46

De thúswedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord kin snein kin gewoan trochgean. Stewards drigen it duel yn it Abe Lenstrastadion te boycotten, om't se lilk wienen oer in ynsidint mei in spandoek by de lêste thúswedstriid tsjin Vitesse.

Hearrenfean hat yn petearen mei alle belutsenen de kjeld út de loft helle. "We zijn blij dat we goed met elkaar hebben gesproken en willen via deze weg benadrukken dat we de individuele stewards geen verwijten kunnen maken voor het handelen op de wedstrijddag'', seit algemien direkteur Luuc Eisenga fan de earedifyzjeklup.

Foto: Marijn van der Meer

Spandoek

By de earste thúswedstriid fan it seizoen stie de fuotbalklup stil by alle minsken dy't it lêste jier ferstoarn wienen. Der wie in spandoek ophongen om in ferstoarne supporter te betinken. Dat waard lykwols fuorthelle troch stewards.

SC Hearrenfean brocht yn earste ynstânsje in ferklearring nei bûten dêr't yn stie dat de minsken dy't de oarder yn it stadion hâlde "net neffens belied" hannele hienen. Dêr makken de stewards harren lilk oer, om't se neffens harren just opdracht fan de klup krigen hienen om dat spandoek fuort te heljen.

(advertinsje)