Suver Nuver striidber nei útspraak yn saak De Jong

22 aug 2018 - 10:29

De útspraak fan it gerjochtshôf yn de saak tsjin wytkweker Doede de Jong fan Appelskea wurdt mei bliidskip ûntfongen troch de stichting Suver Nuver út Ljouwert. Rinus Beintema is belutsen by de stichting. Hjir kinne leden tsjin in lytse fergoeding wytoalje krije foar medisinaal gebrûk. Beintema moat him tongersdei sels melde by it Hennepteam Noard-Nederlân, om't er fertocht wurdt fan it 'meitsjen en ferstrekken fan wytoalje'.

Foto: Omrop Fryslân

De Fryske stichting Suver Nuver stribbet dernei it gebrûk fan kannabis foar medisinaal gebrûk te legalisearjen yn Fryslân. De stichting hat mei lokaasjes yn ûnder oare Ljouwert, Zwolle en Grins meardere fêstigings. De útspraak yn de saak De Jong wurdt by de stichting mei blydskip ûntfongen. "Dit is prachtig nieuws voor de familie De Jong, ik denk dat ze blij mogen zijn dat er na een lange strijd dit als uitkomst is gekomen", sa fertelt foarsitter Beintema.

Ferskillen

Beintema tinkt lykwols net dat de útspraak yn de saak De Jong him helpe sil yn syn saak. "De zaak waar ik voor kom, en de zaak De Jong zijn echt totaal verschillende dingen die niet met elkaar te vergelijken zijn. Maar ik heb er vertrouwen in dat er ook in ons geval een positieve uitspraak zal gaan komen."

Neffens it hôf wie der by de saak De Jong net foldwaande rekken hâlden mei de spesifike wize fan kweken, benammen dat De Jong gjin fertsjustering of keunstljocht brûkt hat. Der is gjin ûndersyk dien nei de finansjele posysje fan De Jong. Dêrom koe net fêststeld wurde kin oft hy in finansjeel foardiel fan it kweken hân hat.

Gjin ferrassing

Yn ús lân is medisinale kannabis om te smoken allinnich op resept te ferkrijen, der binne strange regels en faak wurdt it net fergoede troch de soarchfersekerder. Dat Beintema him no melde moat, komt net as in ferrassing foar him. "Ik zit hier al drie jaar op te wachten. Ik vind het prima, maar op dit moment is het zo groot geworden dat wij zo snel mogelijk een uitspraak willen hebben."

Nei in útspraak wol Beintema it leafst mei in fergunning fierder mei de stichting, om der dan in serieus bedriuw fan te meitsjen.

(advertinsje)