Keepster Loes Geurts fan Hichtum werom by Oranjefroulju

22 aug 2018 - 10:11

Keepster Loes Geurts fan Hichtum makket har rentree by de Oranjefroulju. Se is selektearre foar de lêste en beslissende WK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Noarwegen, dy't op 4 septimber spile wurdt.

Keepster Loes Geurts - Foto: Awfoto

Loes Geurts

Geurts sette nei it EK fan ferline jier tydlik in punt achter har karriêre. Se hie al langer twivels, om't it fuotbaljen har mear enerzjy koste as dat it opsmiet en se de wille yn it spultsje kwyt wie. Yn 2015 rekke Geurts blessearre oan de holle. Se kaam werom, mar siet faak as twadde keeper op de reservebank, sawol by de klups dêr't se spile as by it nasjonale frouljusalvetal.

Plezier

"In mei belde de bondscoach of ik open stond voor het nationale team en dat sta ik," fertelt Loes Geurts. "Ik heb er weer volop energie voor. In juni stond ik op de reservelijst, maar nu er een keeper geblesseerd is, ben ik opgeroepen. Na het EK heb ik vijf, zes maanden niets met voetbal gedaan, ik ben op reis geweest en heb familie bezocht, dat had ik nodig. Dit jaar wilde ik weer voetballen en Göteborg wilde me graag terug. Het plezier heb ik teruggevonden. De batterij was leeg, maar nu weer opgeladen. Ik voetbal nu voor mijn plezier en blijkbaar geeft dat ook resultaat."

Sherida Spitse fan Snits is ek selektearre foar de wedstriid tsjin Noarwegen.

(advertinsje)