Sjalets net skansearre by brân yn Eastermar, bewenners werom

Sjalets net skansearre by brân yn Eastermar, bewenners werom
By de brân op rekreaasjepark Onder de Linde yn Eastermar binne gjin sjalets fernield rekke. Dat lit de brânwacht woansdeitemoarn witte. Yn earste ynstânsje waard tocht dat sa'n fjouwer of fiif sjalets skea oprûn hiene, mar by in neiere ynspeksje hat bliken dien dat dat net it gefal is. Alle sjalets binne yntusken fentilearre en de fakânsjegongers binne werom.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De brân begûn woansdeitemoarn betiid yn in skuorre en sloech oer nei de neistlizzende kampearbuorkerij. Dêr wiene op dat stuit famyljes mei bern, yn totaal fjirtjin persoanen. Sy koene de pleats sûnder problemen útkomme. Se binne opfongen yn Hotel Meerzicht yn Eastermar. De pleats is folslein ferlern gong. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.