Skylge hat yn ferhâlding de minste jonge froulju fan Nederlân

22 aug 2018 - 08:44

Op Skylge wenje 2,5 kear safolle jonge manlju as jonge froulju. Dêrmei is it oandiel jonge froulju op it eilân it leechste fan Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Dat tinkt dat de Maritime Akademy op it eilân de oarsaak is fan de brike ferhâlding. Op dy akademy sitte benammen jonge manlju. Tsjin 100 jonge froulju oer binne der op Skylge 250 jonge manlju.

De flagge fan Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It Centraal Bureau voor de Statistiek hat foar alle Nederlânske gemeenten de ferhâlding tusken jonge manlju en jonge froulju besjoen. Utsein yn Ljouwert binne yn alle Fryske gemeenten mear jonge manlju as froulju. De Fryske Marren en Dongeradiel binne dêrby op de fêste wâl de útsjitters mei 126 en 125 jonge manlju de 100 froulju. Yn Ljouwert is it krekt oarsom, dêr wenje mear jonge froulju as manlju.

Jonge manlju en froulju binne neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek minsken fan tusken de 20 en 25 jier.

(advertinsje)
(advertinsje)