Kollum: "Ssst"

"Je moatte in kollum eins nea mei jesels begjinne, mar ik moat earst wat oer mysels fertelle. Ik bin gjin public relations-officer, gjin reklameman foar eveneminten, gjin foarljochter, gjin kommmunikaasjemeiwurker. Neat fan dat al. Leave lju, mar se fertelle nea de wierheid. Se libje yn nepnijs en it fertsjusterjen fan frjemde strapatsen. It binne yn de eagen fan âlde sjoernalisten ferkearde lju. Sjoernalisten binne foar de wurklikheid.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Mar tongersdei waard ik dochs in bytsje sa. Net dat ik ek in pak oandie of sa, mar ik lies dat der in wetterskipsman sein hie dat it wetter yn Fryslân net skjin genôch wie om mei Maarten van der Weijden mei te swimmen. As dy sels mislik wurde soe fan dat wetter dan moast hy dat sels witte, mar Fryslân mocht net meiswimme. Maarten skreide hite triennen.
Fryslân ek. Fryslân skrok. Der wiene wol in pear blauwe alchjes, mar Fryslân smoarch wetter? We ha hjir yndertiid dochs 32 suveringsynstalaasjes krigen om it Fryske wetter skjin en suver te krijen.
Nee, der sit poep yn it wetter sei dy man. Man, der hat altiten stront yn it wetter sitten. Ik bin yn myn libben och sa faak tsjin in keutel oanswommen. Ek doe't de suveringen der al wienen. Wy ha ommers noait oars dien hjirre. Efkes op de puts en dan hup. Oer board. En as je swommen dan pissen je noch efkes ûnder wetter foar dat je wer oan board klommen. Of je dienen it efter it swurd. In bananeskyl en in klokhûs, hapstee. Plestik bôlepûdsjes en suertsjepapierkes netsjes yn it bakje efterop. Toch hiel gewoan?
Ik wit wol. Boeren struie stront oer it lân. Mar dêr komme nije gerskes fan, dy wurde opfretten troch de ko en wy frette de ko op. En ja, it is wat in te lange waarme simmer, dus it wetter hat wat mear tiid nedich foar it natuerlik herstel, mar dat jout dochs neat. Yn 1976 wie it ek in lange waarme simmer, ha we ek swommen en der is net ien deagien.
As sa'n Maarten van der Weijden no lâns de ferneamde alve Fryske stêden swimme wol, dan moat Fryslân dêr dochs op public relationwize swee út slaan. Dan moat elk dochs tinke en fiele dat it o sa moai is dat dy jonge yn dat moaie, skjinne, frisse, Fryske wetter in alvestêdetocht swimt, om't dat wetter nea wer tichtfrieze sil. Wat in promoasje hie dat wêze kinnen foar Fryslân as provinsje.
Mar wat dogge wy? We ûndersykje krekt in wike foardat Maarten van der Weijden oan syn ymposante tocht begjinne sil, oft it wetter dêr wol goed foar is. Wa hat soks yn fredesnamme betocht?
Dus as ik no public relations officer fan Merk Fryslân west hie; of foarljochter fan de provinsje Fryslân; of kommunikaasjemeiwurker fan it wetterskip; of reklameman fan Kulturele Haadstêd; of kommissaris fan de Kening; of wat foar figueren as je dêr noch mear by betinke kinne: dan hie 'k dy wetterskipsman dy't soks ûndersykje woe, opsletten yn de Blokhúspoarte, of yn de hoeke traapje litten troch de reuzen yn Ljouwert. No ja, da's wat wreed, mar yn elk gefal net mei lytse buiskes mei wat hjir en dêr opheind wetter boartsje litten. Hy hat ek nea de hiele rûte dwaan kinnen, dus syn geâldehoer wie dochs altyd mar in skyntsje fan de wurklikheid. Dy man hie dan dizze wike de buiskes wer yn it wetter stekke mochten en syn sucht nei poepdieltsjes yn dat wetter befredigje kinnen.
Mar net fantefoaren. Ja ik wit wol, der sit stront yn it wetter. Der hat altiten stront yn it wetter sitten want wy, de kij en de wolven skite sa no en dan yn de natuer. It kin bêst slim wêze, mar dat woenen we no krekt net it ôfûne wykein witte.
Dus as ik pr-officer of foarljochter west hie, hie 'k neat dien en sein. Dan hie Maarten de nachten ek wat beter trochkomme kinnen as se mei him meiswommen. Boppedat, it hie ek net hoecht. Want der wurdt safolle ûndersocht yn dit fundamintalistyske regelemintelân , dêr't we nea wat fan hearre, om't de politisy der dan lêst fan ha. Dêr hie dit ek noch wol by kinnen."