Kampearbuorkerij giet ferlern by útslaande brân op fakânsjepark yn Eastermar

By in útslaande brân op it fakânsjepark Onder de Linde yn Eastermar is in kampearbuorkerij ferlern gien. De brân ûntstie om 05.30 oere hinne yn in skuorre op it fakânsjepark en sloech oer nei de buorkerij neist de skuorre. Sa'n tritich fakânsjegongers dy't yn de sjalets op it park sitte en fjirtjin gasten dy't yn de buorkerij sieten binne mei de skrik frijkaam. Se binne evakuearre en nei in opfanglokaasje brocht.
© Srfotografie
Wurdfierder Ingrid Weert fan de brânwacht
De skuorre hat in reidtek, wêrtroch't der in soad reek frijkomt. De brânwacht advisearret dan ek om ruten en doaren ticht te hâlden en de meganyske fentilaasje út te setten.
Krekt nei sânen wie de brân ûnder kontrôle. De brânwacht hat it fjoer bestriden mei meardere weinen en in heechwurker. Om der wis fan te wêzen dat der genôch bluswetter wie, waard ek grutwettertransport ynset.