Teller alvestêdeswimtocht Van der Weijden stiet no op 3,5 miljoen euro

22 aug 2018 - 06:41

De alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden hat oant no ta mear as 3,5 miljoen euro opsmiten. Dat makke Van der Weijden tiisdeitejûn bekend yn it telefyzjeprogramma Laat op één. Hy sei ek dat er hopet op in opbringst fan 4,5 miljoen euro.

Maarten van der Weijden nei syn tocht - Foto: Omrop Fryslân

By de huldiging moandeitejûn yn Ljouwert waard bekend dat der 2,5 miljoen euro ophelle wie. Der is dêrnei dus noch in miljoen euro by kaam. It jild giet nei it KWF Kankerbestrijding en alve spesjale ûndersyksprojekten om kanker te bestriden.

It telefyzjeferslach fan de huldiging waard moandeitejûn live útstjoerd troch de NOS en Omrop Fryslân. Der seagen 1,4 miljoen minsken nei.

(advertinsje)