Radioljochtskip Jenni Baynton stjoert út fan see ôf

22 aug 2018 - 06:28

It radioljochtskip Jenni Baynton út Harns leit fan woansdei ôf fjirtjin dagen foar anker op de Waadsee. Oerdeis en nachts binne der radioprogramma's, en minsken dy't it leuk fine om sa'n skip ris te besjen, kinne yn de wykeinen delkomme.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Fia de middengolfstjoerder AM 747 kin hiel Fryslân en fier dêrbûten harkje nei Radio Seagull en oare programma's.

Sietse Brouwer liedt ferslachjouwer Karen Bies rûn op it skip

De fjoerread skildere Jenni Baynton is it iennichste operasjonele radioskip yn de wrâld, en dêrom hat it wat nostalgysk. It radioskip docht tinken oan de seestjoerders Radio Caroline of Radio Veronica.

15.000 nedich foar ûnderhâld

It wurdt ûnderhâlden troch frijwilligers, mar foar dat ûnderhâld is in protte jild nedich. "We ha 'm no tsien jier. En we wolle 'm sa fier mooglik werombringe yn de orizjinele steat, mei de tapassing as radioskip", fertelt Sietse Brouwer fan it skip.

De Jenni Baynton moat foar it ûnderhâld op de helling en dêr is 15.000 euro foar nedich. "Dat is 15.000 mear as dat we ha", seit Brouwer. Sadwaande is it inisjatyf ûntstien om bûtengats te gean en minsken út te nûgjen foar in rûnlieding. Sa hoopje se donateurs en sponsoaren te krijen. "We lizze aanst oan de ein fan de Pollendam. We dekke ús kosten foar in diel troch it farren fan boatsjes, sadat minsken ús besykje kinne."

(advertinsje)