Maatregels yn Iselmar tsjin sâltich wurden fan drinkwetter

Rykswettersteat en Wetterskip Fryslân nimme maatregels om 'verzilting', it sâltich wurden, fan it wetter yn de Iselmar tsjin te gean. Ien fan de maatregels is om in ekstra kear wetter nei de Waadsee te spuien.
De slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ut mjittings hat bliken dien dat it sâltgehalte yn in part fan de Iselmar periodyk heger is as wat wetterbedriuwen foar de produksje fan drinkwetter hantearje. It sâltich wurden is it direkte gefolch fan de ûntstiene wettertekoarten troch de waarmte en drûchte fan dit jier.

Sâlt fuortspiele

Tiisdeitejûn wurdt it deatij yn de Waadsee brûkt om wetter út de Iselmar te spuien en dêrmei in belangryk part fan it sâlt fuort te spielen. De wetterstân fan de Iselmar sil dêrmei likernôch ien sintimeter ôfnimme, mar dat is gjin probleem foar de wetterfoarried.