Brûns foar Ariëns op puntekoers EK skeelerjen

21 aug 2018 - 22:37

Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat tiisdei yn Oostende (België) de brûnzen EK-medalje pakt op de puntekoers.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Italiaan Daniel Niero, dy't him yn Nederlân ek talizze wol op it reedriden, wûn it goud op it Europeesk kampioenskip. It sulver wie foar Patxi Peula út Baskelân.

(advertinsje)