Iepen dei Marwei: ek sel sjen

05 nov 2011 - 16:17

Hast 250 minsken ha sneon in rûnlieding hân troch finzenis De Marwei yn Ljouwert. Se moasten har twa moanne lyn al oanmelde. De ynskriuwing wie ek fuortdaliks fol. Bysûnder wie dat besikers yn in echte sel sjen mochten. Dat mei oars net om't de finzenen dan op sel sitte moatte. Besikers meie net yn kontakt komme mei finzenen. It programma foar de detinearden wie no oanpast. By eardere iepen dagen wie der fraach nei it sjen fan in sel, dat koe doe net.

Trefwurden: 
rûnlieding finzenis sel Marwei
(advertinsje)
(advertinsje)