Motorrider bedarret yn greppel by Ljouwert en rekket slim ferwûne

In 31-jierrige motorrider út Ljouwert is tiisdeitejûn slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok tusken Deinum en Ljouwert. Hy bedarre yn in greppel en is dêr troch ambulânsepersoniel en omstanners wer út helle.
© Nick den Boer
Op de wei oer de Heak om Ljouwert gie de motorrider ûnderút, doe't er út de rjochting fan It Holt kaam. Dêr skeat er oer in talúd nei ûnderen ta en mei de help fan oaren is er wer omheech tild.
Nei stabilisaasje hat de ambulânse de motorrider nei it MCL ta brocht. De man hat neffens de plysje swiere ferwûningen oprûn, ûnder oare meardere brutsen ribben. De dyk wie tydlik ticht, sadat der ûndersyk dien wurde koe.