Harnzer docht archeologyske fynst út sânde iuw

21 aug 2018 - 21:13

Lodie Bierma út Harns hat in bysûndere archeologyske fynst út de sânde iuw dien. It giet om in gouden Angelsaksysk gaspdoarnplaatsje mei wafelpatroan, ynlein mei almandyn. Neffens amateurarcheolooch Robbert Velt is it in stik fan museäle kwaliteit en giet it om manlike tsjinhinger fan de grutte keningsfibula fan Winaam.

Ferslachjouwer Remco de Vries yn petear mei Lodie Bierma en Robbert Velt

Wêr't de fynst dien is, wurdt net bekend makke. It plaatsje leit no yn in archeologysk depot. Der is yn it fjild dêr't it fûn is noch wol fierder socht, mar dat hat neat opsmiten.

Bierma wie dwaande mei in metaaldetektor en dit is syn grutste fynst ea. Hy wol it oanbiede oan it Fries Museum. Dat mei der in bod op dwaan. Ald-konservator Evert Cramer fan it museum hat it al foar de eagen hân.

It Angelsaksyske gespdoarnplaatsje dat Harnzer Lodie Bierma ferline wike freed fûn hat - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)