It giet sylskoallen wer foar de wyn

It giet goed mei de Fryske sylskoallen. Sa hat sylskoalle Pean yn Nes sa'n 10 persint mear oanmeldings as yn 2017. Dat komt om't de ekonomy wer oanlûkt. Yn eardere jierren moast in reservearring meardere kearen ferkocht wude, bygelyks om't in fêste klant ynienen sûnder wurk siet en it kamp ôfsizze moast. Dat is no hielendal oars: de sylskoalle wurdt alle dagen belle troch minsken dy't noch in plakje sykje, mar alles sit al hielendal fol.
It giet sylskoallen wer foar de wyn
Op de sylskoalle yn Nes hearden se de ôfrûne jierren ek faak it geroft dat jongerein net safolle mear oan silen fine soe. Dat is neffens koördinator Rienk de Jonge absolút net it gefal. "De bern hawwe hjir trije kertier deis wifi. De earste dei fine se dat noch wol wat raar, mar dêrnei hearst se der net mear oer. Se binne fiersten te drok mei it silen."