Noch hieltyd gjin beslút IM oer eventuele ferfolging fan skipper Amicitia

21 aug 2018 - 19:02

It is noch hieltyd net dúdlik oft de skipper fan de Amicitia him foar de rjochter ferantwurdzje moat foar it ûngelok fan twa jier lyn. Twa jier nei it barren hat it Iepenbier Ministearje dêr noch altyd gjin beslút oer naam.

By it ûngelok yn de haven fan Harns kamen trije Dútske toeristen om it libben doe't in mêst ôfbruts en op de minsken delfoel. Nei ûndersyk die bliken dat de mêst hielendal trochrotte wie, wylst dy yn 2012 noch goedkard wie.

Neffens saakwaarnimmer Boerema fan de skipper hawwe de neibesteanden fan de trije Dútske toeristen yntusken wol in fergoeding krigen. Hy neamt it ek foar de brânsj belangryk dat der ynkoarten dúdlikheid komt oer in mooglike strafferfolging fan de skipper.

Spesjaal boekje

Brânsjorganisaasje BBZ fan de sjarterfloat krijt no jild, wêrmei't se in spesjaal boekje ûntwikkelje mei dêryn in tsjeklist foar skippers.

Trefwurden: 
Amicitia mêst-ûngelok
(advertinsje)