Sjuery hanthavenet straf Waaksdom nei weriepening

21 aug 2018 - 18:28

De straf foar it IFKS-skûtsje Waaksdom bliuwt stean. Skipper Ulbe Zwaga krige moandei in protest fan de umpire, dat waard tawiisd en dus krige hy 17 punten oan de broek.

Foto: Martin de Jong

Zwaga wie it dêr net mei iens. Yn heger berop tsjin in beslút kin net, mar in fersyk ta weriepening fan de saak wol. Dat die er en dus gie Zwaga tiisdei opnij nei de protestkeamer. De sjuery hat opnij nei de bylden sjoen, mar feroaret it beslút net.

Dêrom bliuwt Zwaga yn de middenmoat fan it klassemint fan de grutte A-klasse stean. Hy hat 28 punten nei trije wedstriden. Tiisdei hie Zwaga op it wetter wol in goede dei: by Sleat waard er twadde, efter de Drie Gebroeders fan klassemintslieder Arend Wisse de Boer.

Trefwurden: 
IFKS Ulbe Zwaga Waaksdom
(advertinsje)
(advertinsje)