Museum 't Fiskerhúske ferwolkommet tsientûzenste besiker

Museum 't Fiskershúske yn Moddergat hat tiisdei de tsientûzenste besiker fan it jier ferwolkomme. Dat wienen fiif famyljeleden út it Dútske Karlsruhe.
Lasse, Jahraus, Emma, Simonen en Ida Thorsten © 't Fiskershúske
Jahraus, Simonen, Emma, Lasse en Ida Thorsten krigen fan it museum in taart en it boek 'De ramp van Moddergat'. De Dútske famylje sit twa wiken yn in fakânsjewenning yn Wierum. Nei in besite oan it museum wolle se noch nei de Waadeilannen en nei Dokkum ta. Ek wolle de dochters noch te hynsteriden.
It museum is noch iepen oant en mei 31 oktober, mei op 27 oktober in ferhaletocht mei de 'Nacht fan de nacht'.