Dochs sel fanwege deadlik ûngelok mei trekker

21 aug 2018 - 16:53

In man (41) út Wolvegea hat fan it gerjochtshôf yn Ljouwert fjouwer moanne sel krigen, omdat er trije jier lyn by Nijelemmer in deadlik ûngelok feroarsake hat.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man ried mei in trekker mei in fierrikker, op de Hoofdwei rjochting Wolvegea. Op de fierrikker hie er twa pakken hea, dy't er ferfierde. De fertochte hie dêrtroch fanút syn kabine net genôch sicht op de dyk en seach sadwaande net dat der in echtpear op de fyts foar him ried . De man ried se oan, wêrby't de man fan it echtpear om it libben kaam.

De rjochtbank hie de man de maksimale wurkstraf fan 240 oeren jûn. Yn heger berop waard in jier sel easke fanwege roekeleas riden. It gerjochtshôf wie krekt wat mylder. Neffens it hôf wie der sprake fan bot ûnfoarsichtich riden en dêrom moat de fertochte fjouwer moanne de sel yn. Hy mei ek twa jier net ride.

(advertinsje)