Drie Gebroeders winne opnij yn de Grutte A

Arend Wisse de Boer hat mei syn skûtsje Drie Gebroeders de twadde dei-oerwinning op rige helle. Op de Sleattemer Mar wûn hy mei oermacht de tredde wedstryd yn it IFKS-kampioenskip. De Boer kaam as bêste út de start en as earste om de boppeste tonne. Dy foarsprong joech hy net wer fuort.
Finish IFKS Tiisdei
Ulbe Zwaga lei al gau stabyl twadde, en kaam mei de Waaksdom stadichoan tichter by de Drie Gebroeders. Dêr achter strieden Daan van der Meer, Sikke Heerschop en Froukje Osinga om it tredde plak.
Debutant Fonger Talsma hie mei de Jonge Jan in falske start, moast opnij starte en lei dêrtroch in stik achter op de rest fan de float. Mar yn de rin fan de wedstryd sylde hy nei it achtste plak.
Petear mei de winner fan de Grutte A
Ulbe Zwaga helle klassemintslieder Arend Wisse de Boer net mear yn, mar lei wol beslach op it twadde plak. Froukje Osinga einige mei de Jonge Jasper as tredde.
Gejuich by de bemanning fan Arend Wisse de Boer © Omrop Fryslân
Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei op de radio kommentaar fan Andor Faber en Gjalt de Jong en op de livestream dogge Koos Wieling en Eelke Dykstra dat. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.