Martin Ødegaard definityf nei Vitesse

Martin Ødegaard spilet de rest fan dit seizoen definityf foar Vitesse. De klup út Arnhem hiert de Noarske fuotballer fan Real Madrid. De ôfrûne oardel jier spile Ødegaard op hierbasis foar SC Hearrenfean.
Martin Ødegaard © www.orange-pictures.nl
De 19-jierrige Ødegaard stiet bekend as grut talint. Real Madrid helle him yn jannewaris 2015 fan de Noarske klup Strømgodset. By de Spaanske klup komt Ødegaard net oan spyljen ta, dêrom ferhiert Real him. Earder dus al oan Hearrenfean, no oan Vitesse.
Even gienen der geroften dat Real Madrid him op 'e nij oan Hearrenfean ferhiere soe. Dat skreaun de Spaanske sportkrante Mundo Deportivo. Dochs like doe ek al dúdlik dat it net Hearrenfean, mar Vitesse is dat dit seizoen oer Ødegaard beskikke kin.