Noarderlingen faker mei drank op efter it stjoer betrape

21 aug 2018 - 15:41

Yn it noarden fan it lân binne it ôfrûne jier mear minsken mei drank op efter it stjoer stapt as de jierren dêrfoar. Lanlik is it krekt minder wurden. Dat docht bliken út in twajierliks ûndersyk nei alkohol yn it ferkear.

In drankrider - Foto: Shutterstock.com

De plysje docht yn de tsien plysjeregio's yn Nederlân geregeld alkoholkontrôles. Dat bart yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Ferline jier binne der 13.000 blaastesten ôfnommen by autobestjoerders dy't tusken tsien oere jûns en fjouwer oere nachts op de dyk wiene.

Hoe't it kin dat yn it noarden mear minsken tsjin de lampe rûnen, kin op grûn fan de kontrôles net sein wurde.

Trefwurden: 
ferkear alkohol
(advertinsje)