Gjin automatyske kompensaasje foar boeren om dongoerskot

21 aug 2018 - 15:19

Melkfeehâlders hawwe net automatysk rjocht op kompensaasje foar heffingen om it dongoerskot te beheinen. Dat hat it College van Beroep voor het bedrijfsleven (CBb) beslist, neidat boeren yn berop gien wiene tsjin it fosfaatreduksjeplan.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Melkfeehâlders betelje ekstra belesting as se mear kij hawwe as yn july 2015. Dat wie it momint dat de molkkwota opheft waarden. De oerheid wol mei de maatregel foarkomme dat der tefolle fosfaat, dat yn de dong sit, yn it miljeu terjochte komt.

Eigendomsrjocht

Feehâlders protestearren tsjin de belesting, omdat se fûnen dat de heffingen ynbrek meitsje op har eigendomsrjocht. En se easken kompensaasje. It CBb gie dêr net yn mei. Dat fynt dat de heffingen gjin ûnteigening binne, mar it eigendom fan de boeren allinne mar reguleare. Yn 'algemiene sin' is de oerheid dêrom net ferplichte mei jild oer de brêge te kommen, seit it CBb.

Boeren kinne wol yn yndividuele gefallen oanspraak meitsje op kompensaasje of ûntheffing. Bygelyks as in boer troch de heffingen sa bot yn de problemen komt, dat er fallyt driget te gean.

(advertinsje)