Wytkweker Doede de Jong hoecht 5 ton net werom te beteljen

21 aug 2018 - 14:40

Wytkweker Doede de Jong fan Appelskea hoecht de hast 5 ton net werom te beteljen. It Iepenbier Ministearje hie 477.901,97 euro foardere, mar dy foardering wie neffens it hôf net genôch ûnderboud.

Neffens it hôf wie der by de foardering net foldwaande rekken holden mei de spesifike wize fan kweken, benammen dat De Jong gjin fertsjustering of keunstljocht brûkt hat.

Der is gjin ûndersyk dien nei de finansjele posysje fan De Jong. Dêrom koe net fêststeld wurde kin oft hy in finansjeel foardiel fan it kweken hân hat.

Doede de Jong is in 68-jierrige biologyske himpteler, dy't in prinsipieel foarstanner is fan regulearring of legalisearring fan himpteelt.

De Jong is yn 2015 alris feroardiele ta twa moanne selstraf foar it ferbouwen fan kannabis. Hy wie doe yn heger berop gien, om't er it der net mei iens is datst yn Nederlân wol kannabis ferkeapje meist, mar net ferbouwe. De rjochter sei doe dat De Jong wol skuldich is oan it kweken, mar gjin straf krijt, om't er der net ryk fan wurden is, op biologyske en skjinne wize kweekte én foar in legale coffeeshop wurke.

It Iepenbier Ministearje wie fan miening dat De Jong wol jild oan de himpkweek fertsjinne hie. Dêrom rûn der in twadde saak tsjin de Appelskeaster. Dat wie de saak wêryn't it IM úteinlik 477.901,97 euro foardere fan De Jong.

(advertinsje)