Reedridersteam Jillert Anema hat mei EasyJet nije sponsor

21 aug 2018 - 14:09

Loftfeartmaatskippij EasyJet wurdt de nije sponsor fan it reedridersteam fan coach Jillert Anema. Dat skriuwt it AD. De ploech mei 13 langebaan- en maratonreedriders siet sûnt ein maaie sûnder sponsor. Yn it team sitte ûnder oare Olympysk medaljewinners Jorrit Bergsma en Irene Schouten.

It team kaam jierrenlang út ûnder de namme Clafis, mar ein maaie stapten Anema en de reedriders op. Se waarden it net iens mei harren sponsor Bert Jonker oer de ynfolling fan it team.

(advertinsje)
(advertinsje)