Van der Weijden tocht yn Hylpen al dat er it mooglik net rêde soe

21 aug 2018 - 13:07

"Ik voel me niet top, maar beter dan gisteren, en ook weer een beetje hersteld." It is no krekt 24 oeren lyn dat er út it wetter klom: alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden. Hy hie alle alve stêden oandwaan wollen, op syn meunstersponsortocht om jild op te heljen foar ûndersyk nei kanker. Dát slagge krekt net, mar it grutte doel: safolle mooglik jild ynsammelje, dat is mear as slagge. In dei nei de ein fan syn meunstertocht sjocht er werom op it aventoer.

Fansels hat er spierpine, en wol it rinnen noch net hielendal sa't it gewoanwei giet. "Het lichaam heeft flinke klappen gehad, het is helemaal uitgeput, maar het lichaam is ook wel weer dusdanig sterk dat het ook wel weer gaat." Maarten van der Weijden is de 'Held van het Noorden', nei syn meunstertocht by de alve stêden del. Mei syn opmerklike aksje hat hy mear as 2,5 miljoen euro ynsammele foar kankerûndersyk. Tiisdeitemoarn waard er nei in goeie nacht sliep wekker yn Ljouwert, en kin er weromsjen op in útsûnderlike prestaasje. Mear as 1,4 miljoen minsken seagen de huldiging moandei live op telefyzje.

Ynspiraasje

Wilens de swimtocht krige Van der Weijden hieltyd mear stipe. Yn rigen stiene se yn de lytste doarpkes, en ek midden op 'e romte wie it 'Maarten, Maarten, Maarten' gesang te hearren. "Je krijgt wel wat mee, en dan gister een vol plein. Het maakt me enorm blij. Het ging er niet om dat ik drie dagen zou zwemmen, het ging om iets gemeenschappelijks. Het ging erom dat 40.000 Nederlanders per jaar aan kanker sterven, en dat dit niet eerlijk is. Maar dat we er met z'n allen iets aan kunnen doen." Dochs sjocht er syn tocht ek as in ynspiraasje. "Het gaat misschien ook wel om het leven, dat je doelen hebt en fantasieën. En dat je daar heel hard voor kan werken, en dat het soms wel lukt en soms ook niet."

Ik lag in mijn eentje in het water, maar we deden het toch een beetje samen

Maarten van der Weijden oer de stipe dy't er krige

Mei-inoar

Maarten van der Weijden hat in soad meikrigen fan alle stipe dy't er by it wetter del krige. Neffens him is dat as sporter best wol unyk. Tsien jier lyn, doe't er goud wûn yn Peking wie it benammen syn eigen striid foar it goud, en joech er it 'winsklike' antwurd dat de oanmoedigingen him in soad holpen hiene. Dat wie doe miskien net sa, mar dat wie dit wykein oars. Sa murk er ek oan himsels: "Dan kom je in Sneek aan, en dan zie je de stad vol staan, en dan hoor je dat de mensen je toeschreeuwen. Ik heb het tijdens mijn tocht ook steeds meer toegelaten, dat het ook meer over het 'samen doen' ging."

Maarten van der Weijden nei syn tocht - Foto: Omrop Fryslân

Trochsette

It hegere doel hat altyd meispile foar Van der Weijden, hoe swier oft it ek wie. "Ik beleef geen plezier aan drie dagen zwemmen maar, ik begreep heel goed dat ik door het zwemmen meer donaties zou krijgen, en daarmee de kankerpatiënt beter kon helpen." Dat hat ek de reden west dat er nei in swiere nacht, sneintemoarn yn Hylpen dochs trochset hat. Wylst er eins wol wist dat er de einstreek mooglik net helje soe. "Mijn vrouw zei: hoe verder je komt hoe meer aandacht, en hoe meer jij de kankerpatiënt kan helpen. Maarten je moet door!"

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Bartlehiem

Krekt foar't Van der Weijden ophâlde moast, kaam er noch troch Bartlehiem. Dêr like alles noch ridlik goed te gean, hy regissearre de kamera's en naam ek noch in filmke op. Mar dy fitheid, dat like mar sa, sa fertelt er sels. "Het tijdschema gaf aan dat ik sowieso niet op tijd in Leeuwarden zou zijn, waar ik wel graag bij wilde zijn. En ik was ook continu bezig met de gedachte dat het niet alleen om mij ging, maar om ons samen. En dan is het ook eerlijk dat je twijfel deelt. En daarna hebben we ook een filmpje gemaakt waarin ik vertel dat ik kapot was, maar dat ik Leeuwarden wilde halen."

Uteinlik wie Burdaard it einpunt fan de lange swimreis fan Maarten van der Weijden. Hy koe net mear, foel yn sliep wilens it swimmen, en koe ek de medikaasje net mear binnenhâlde. Nei't er neisjoen wie yn it sikehûs mocht er moandeitejûn noch by de huldiging yn Ljouwert oanwêzich wêze, dêr't opnij tûzenen minsken harren stipe sjen en hearre lieten.

Foar de 'Held van het Noorden' stiet er de kommende tiid mar ien ding op it programma: rêst. En dat sil er lekker thús dwaan, yn Noard-Brabân.

Maarten van der Weijden praat nei oer syn tocht

(advertinsje)