Ljouwerter slachterij Vion giet op 10 septimber wer iepen

21 aug 2018 - 13:01

De grutte slachterij fan Vion yn Ljouwert giet op 10 septimber wer iepen. De nije slachterij moast nei in pear moanne al yn maaie fan dit jier de doarren slute.

Foto: Vion

It tal slachte bisten dat ôfkard waard lei heger as op oare lokaasjes, wie de konklúzje fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Neffens Vion gie it om 'bernesykten' yn de technyske ynstallaasje.

Dêrneist is de ynrjochting fan de stâl ferbettere foar de keuring. Foar de libbene kij yn de stâl wiene tichte sketten makke, dat soe better wêze foar it wolwêzen fan de bisten. Mar omdat de karmasters de kij troch de tichte sketten net goed beoardielje koene, binne der no stekken tusken de bisten kommen. Kwaliteitsdirekteur Derk Oorburg fan Vion: "Er is nu een goede balans tussen het goed zichtbaar zijn van de dieren en dierwelzijnsprincipes."

10 septimber

De NVWA is by it ûndersyk belutsen. Neffens wurdfierder Benno Bruggink sil fan 10 septimber ôf besjoen wurde oft de oanpassingen yn it bedriuw foldwaande binne foar de keuring fan de kij en oft it tal ôfkarde bisten dan op itselde nivo leit as op oare plakken. Dat hat ek mei de kwaliteit fan de oanfierde bisten te meitsjen, seit Bruggink.

Transparant

Vion wol it slachtproses folslein transparant meitsje. Elkenien kin it bedriuw in besite bringe om te sjen hoe't it slachtsjen fan kij yn syn wurk giet. Oorburg: "Groepjes boeren, maar ook studenten, artsen en journalisten hebben daarvoor belangstelling. In Nederland is het nog niet zo gebruikelijk, maar in Denemarken gaan alle middelbare scholen op excursie naar slachthuizen. Het is belangrijk dat consumenten weten hoe een vleesproducent werkt. Met deze openheid wil het bedrijf het onbekende of 'duistere' wat er soms hangt rond slachthuizen, wegnemen."

2500 kij

De 50 meiwurkers fan Vion Ljouwert komme safolle mooglik werom yn septimber. By it bedriuw sille alle wiken 2500 kij slachte wurde. It is it grutste slachtbedriuw foar de noardlike provinsjes. Vion hat ek yn Tilburg noch in koweslachterij. Yn Boxtel, Groenlo en Apeldoorn hat Vion in bargeslachterij. It is yn Nederlân en Dútslân de grutste fleisprodusint en it is de nûmer trije yn Europa.

(advertinsje)