Telefyzjeferslach huldiging Maarten van der Weijden goed besjoen

21 aug 2018 - 11:45

It telefyzjeferslach fan de Alvestêdeswimtocht en de huldiging fan swimmer Maarten van der Weijden yn Ljouwert, is moandeitejûn troch 1,4 miljoen minsken besjoen.

Maarten van der Weijden en premier Mark Rutte - Foto: ANP

De huldiging fan de olympysk swimkampioen, dy't lâns de alve Fryske stêden swimme woe, wie live te sjen op NPO1 en op Omrop Fryslân, dy't de bylden fan de NOS trochsette.

Van der Weijden moast nei 163 kilometer by Burdaard ôfheakje fanwegen sûnensklachten. Nei't hy yn it sikehûs MCL behannele wie, koe in sichtber ferswakke Van der Weijden by de huldiging op it Aldehoustertsjerkhôf wêze. Mei syn opmerklike aksje hat hy mear as 2,5 miljoen euro ynsammele. It jild giet nei kankerûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)