Ferlies foar Harkemase Boys

05 nov 2011 - 16:42

Topklasser Harkemase Boys hie sneon in swiere middei yn Spakenburg tsjin IJsselmeervogels. De Boys ferlearen mei 6-2. Yn de twadde minút fan de wedstriid krige Reinder Slager in reade kaart.

Mei tsien man kaam Harkema op foarsprong troch Oebele Schokker. Hy benutte in penalty. By it skoft wie de stân 4-1. Yn de twadde helte makke deselde Oebele Schokker 5-2. De einstân waard 6-2 foar IJsselmeervogels.

(advertinsje)
(advertinsje)