Negatyf swimadvys foar swimplakken Iselmar opheft
Minsken kinne wer feilich swimme by de swimplakken by it Mirnzer Klif en de Hege Gerzen oan de Iselmar. It negative swimadvys fan de provinsje is opheft. Dat wie ynsteld om't de kâns op sûnensklachten troch baktearjes te grut wie. De provinsje kontrolearret de kwaliteit fan it swimwetter oant ein septimber. Foar mear ynformaasje kinne je telâne op www.zwemwater.nl