Moat wytkweker Doede de Jong fan Appelskea 5 ton werom betelje as net?

21 aug 2018 - 09:39

Moat wytkweker Doede de Jong fan Appelskea hast 5 ton werom betelje as net. Dat is de ynset fan in rjochtsaak dêr't tiisdei útspraak yn dien wurdt.

Foto: Public Domain Pictures

Neffens it Iepenbier Ministearje hat De Jong dit bedrach yn 2009 fertsjinne. Syn advokaat Tjalling van der Goot bestriidt dat. Neffens him is in grut diel fan de rispinge fan de wyt troch spyn (in ynfeksje fan miten op planten) ferlern gien.

Boppedat giet justysje út fan meardere rispingen yn it jier. Dat kin neffens Van der Goot net, om't De Jong biologysk wurket en allinnich de sinne brûkt as ljochtboarne. Dêrom is mar ien rispinge yn it jier mooglik.

(advertinsje)
(advertinsje)