Eksoatysk iikhoarntsje Boefke mei fan rjochter yn frijheid libje

It iikhoarntsje Boefke hoecht troch syn Ljouwerter eigener net fongen te wurden. Dat hat de rjochtbank yn Amsterdam sein, skriuwt it AD.
© Pieter-Jord Hovenga
It Platform Stop Invasie Exoten hie de rjochtsaak oanspand om't de Amerikaanske reade iikhoarn in gefaar wêze soe foar de brune iikhoarntsjes dy't hjir gewoanwei foarkomme. Boefke en trije soartgenoaten naaiden oant twa kear ta út. De earste kear wist de eigener de bistjes te fangen, de twadde kear net. Dat hoegde ek net fan it ministearje fan Lânbou.
De rjochter joech it platfoarm wol gelyk, mar om't de trije oare iikhoarntsjes al in tydsje net mear sjoen binne, giet de rjochtbank derfan út dat allinnich Boefke noch oer is. Yn syn ientsje foarmet it eksoatyske iikhoarntsje gjin gefaar.