Kollum: "Jim binne myn ierappels"

21 aug 2018 - 07:30

"Reuzen yn Ljouwert. Magiërs, elven, anime-karakters en ridders yn 't park Vijversburg. Hippy's, sjamanen en space-travellers yn de Groene Ster. Der wiene minsken dy't alle trije eveneminten besochten.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Reuzen yn Ljouwert. Magiërs, elven, anime-karakters en ridders yn 't park Vijversburg. Hippy's, sjamanen en space-travellers yn de Groene Ster. Der wiene minsken dy't alle trije eveneminten besochten. Der wiene ek genôch dy't just neat fan al dy barrens ha moasten. Ien fan dy lêste groep spruts dêr sels mei ûnferhoalen minachting oer. Hy hie it oer 'escapisme' en liet it klinke as wat dêr't je by ûngelok yn stean gean en oan de stoeprâne ôffeie moatte.

Eskapisme is de psychologyske oanstriid om de soargen fan it deistich bestean en de ferantwurdlikheden dy't dêrby hearre te ferjitten. De útdrukking 'eskapist' suggerearret dat sokke minsken ûngelokkich binne en gjin ûnderdiel fan de maatskippij wêze wolle of kinne. Tolkien, jimme wit wol, hat him ek mei dizze kwestje dwaande hâlden. Yn in essay út 1939 skreau er dat eskapisme in befrijende rol spylje kin en in oare, revolúsjonêre werklikheid kreëarje. Hy sei it sa: 'Wêrom soene wy in finzene minachtsje, om't er besiket út te brekken en nei hûs ta wol? Of, as dat ûnmooglik is, om't er oer oare ûnderwerpen tinkt en praat as sipiers en muorren?' Tolkien syn freon C.S. Lewis, jimme wit wol, sei letter faak dat fijannen fan it eskapisme sipiers wiene.

Is eskapisme in flecht út de werklikheid? It antwurd dêrop is 'ja'. It saai gewicht fan de deistige rûtine, de oanhâldende stream fan almar nije rampen en de banalens fan alle klettergoud fan de wrâld makket dat guon minsken dêr sa no en dan út fuort wolle. Neam dat in flecht. Mar it doel fan in flecht is it weromkommen. It moaie fan al dy ferskillende wrâlden en realiteiten is it hieljende karakter derfan, it opbetterjen dat je dêr ûndergean. In echte 'flecht' beskermet tsjin in ferkeard 'ûntflechtsjen'. De deugdsume flecht stjoert ús mei nije krêft, moed en fitaliteit werom nei libben en wurk; de minne, falske flecht lokket ús almar fierder fuort. De deugdsume flecht jout ús it perspektyf fan in berchhichte ôf op it paad troch de fallei; de falske flecht liedt ús troch de fallei yn einleaze grotten. De deugdsume flecht blykt ús altyd werom nei de werklikheid te lieden; de falske flecht liedt ús ivich op in dwaalspoar.

Eksperts jouwe oan dat it wichtich is om it brein sa no en dan skoft te jaan. Dat it hiel goed is om jin ûnder te dompeljen yn in boek, in film, in festival of oan cosplay mei te dwaan. Linda Holmes, in Amerikaanske sjoernaliste, sei it in skoft lyn sa: 'Ha jim The Martian mei Matt Damon sjoen? Hy hat in grut ding op te lossen, nammentlik dat er fêst sit op Mars en werom nei de ierde moat. En se besteegje in protte tiid yn de film oan it gegeven hoe't er ierappels op Mars groeie litte kin. Dy ierappels helpe him net werom nei de ierde, dêr lost er it probleem net mei op. Mar as er gjin ierappels hat, libbet er net lang genôch om it probleem wol op te lossen. En dus hoopje ik dat de muzyk dêr't jim fan hâlde, de boeken dêr't jim sljocht op binne en de petearen dy't jim mei en oer minsken ha dy't jim nei stean, jim helpe. Dat binne jim ierappels. En dy ha jim nedich om werom nei de ierde te kommen'.

Ik hie it net better sizze kinnen."

(advertinsje)