Moslims fiere offerfeest yn bûtenlân: minne ferkeap fan Frysk skieppefleis

21 aug 2018 - 06:25

Op heechtijjierren stiene der goed 800 skiep yn de hokken fan skieppebuorkerij de Lammesprong yn Aldeboarn. Dit jier binne dat der in stik minder. Dit jier falt it grutte moslimfeest, it Offerfeest, yn de simmerfakânsje. In soad moslims binne noch op fakânsje by de famylje yn harren heitelân, lykas in soad Marokkanen. En dat betsjut minne hannel foar skieppeboeren oan islamityske slachters.

Jehan Bouma tusken syn skiep - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De skiep fan Jehan Bouma fan de Lammesprong gean altyd op transport nei de Rânestêd, dêr't in soad moslims wenje. Yn de fyftjin jier dat er lammen leveret oan it islamityske Offerfeest, is it de earste kear dat er hast gjin ôfset hat. It Offerfeest fynt alle jierren tsien dagen earder plak. It hinget gear mei de ein fan de Ramadan en de stân fan de moanne. "Ik haw it útrekkene, mar it duorret noch wol fiif jier foar't it Offerfeest wer op in foar my geunstich momint falt. Dat is bale fansels, mar it bedriuw giet der net fuort fallyt troch."

Harkje hjir nei de bydrage fan ferslachjouwer Jeroen Boersma

(advertinsje)